Moandei lanlike staking yn it streekferfier

19 jun 2018 - 09:56

Fan kommende moandei ôf wurdt der yn it hiele lân staakt yn it streekferfier. Dat hat it fakbûn FNV niiskrekt bekendmakke. It is net dúdlik hoelang't de staking duorje sil. CNV Vakmensen hat it oer "een (vooralsnog) driedaagse staking".

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Reden foar de lanlike staking is dat de wurkjouwers neffens de fakbûnen gjin dúdlike ôfspraken meitsje wolle oer fermindering fan de hege wurkdruk en in leansferheging foar alle wurknimmers yn it iepenbier ferfier. Troch de staking sille der yn it hiele lân hast gjin streekbussen en regionale treinen ride.

Trefwurden: 
staking streekferfier
(advertinsje)