Kollum: "Digitale diarree"

19 jun 2018 - 07:29

"Hy stiet ûnderwylst yn it Guinness Book of Records: de rapste oprop ta in boykot ea. Amper sechtich minuten nei't it CPNB bekend makke dat Murat Isik it Boekewike-essay skriuwe soe, bruts de pleuris út. Twitter en facebook hiene akút lêst fan digitale diarree. It hiele ynternet skodde as de ûndergrûn fan Grinslân. Al dy lilkens en ûnleauwe rûn op in oprop ta in boykot út, it wachtsjen wie allinne noch op in bommelding.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Wat wie der te rêden? Wolno, it gie om de kombinaasje man-tema. It tema fan de Boekewike 2019 is 'De moeder de vrouw' nei in gedicht fan Martinus Nijhoff. Yn 't foarste plak joech dat al in bulte argewaasje. Neffens froulju dy't harren online hearre lieten wie dat in weromkear nei de jierren 50 fan de foarige iuw. Utdrukkingen as achterhelle, rolbefêstigjend, stereotyp en stigmatisearjend rôlen oer inoar hinne as, no ja, as froulju yn in moddergefjocht. Dêr kaam dus it bekend meitsjen fan in man as skriuwer fan it essay nochris oerhinne. Foar de measten wie dat de drip dêr't de amer fan oerrûn. Twa mannen dy't it oer 'De moeder de vrouw' ha soene. Jan Siebelink wie ommers al frege wurden om it Boekewikegeskink te skriuwen. It raasde oan de protters, en dat diene se ek. Sa bot dat sels de protters spontaan oan de diarree rekken.

No is it sa dat de kar foar Isik net de meast feministyske is. It CPNB hie foar it selde in frou freegje kinnen, of faaks moatten. Tagelyk gûle de kritikasters al foardat se slein wurde. Der sil nammentlik earst ôfwachte wurde moatte wêr't beide skriuwers mei op 'e proppen komme. Want wêrom soe in man net oer sokke saken skriuwe kinne of meie? Wat is dat foar in raar eksklusiviteitstinken? As ien dy't sels yn de literatuereluer omslacht, kin ik jim sizze dat in auteur syn personaazjes út it stânpunt fan dy personaazjes wei beskriuwt. Dat wat jo fertelle wolle bepaalt hokker stim te hearren wêze sil. It is de ynderlike logika of de needsaak fan in fertelling dy't derfoar soarget dat in frou út it stânpunt fan in man wei fertelt, of in man út dat fan in frou, of in minske út dat fan in hûn, in kat of út dat fan in draaimûne op in merke.

Sadree't skriuwen identiteitspolityk wurdt is de ein derfoar wei. Dan kinne froulju allinne oer froulju skriuwe (en donkere froulju allinne oer donkere froulju), manlju allinne oer manlju (selde taheakking) en Hindoes allinne oer Hindoes. Hoe'n deade, bloedeleaze boel soe dat wurde. Alle wurk, as it no in roman, in essay of in novelle is, stiet of falt mei de ferbyldingskrêft fan de skriuwer (man, frou, genderneutraal). As dy beheind wurde moat ta syn of har identiteitsbubbel, is it samar dien mei de skriuwerij, wurdt dy like skraal as in kamelekont yn de woastyn.

It hat der dus koartsein fan dat de protestearders net fierder sjen wolle as harren eigen, eksklusive noas lang is. Tagelyk wriuwt it CPNB him yn de hannen mei sokke noazen. Wat in publisitêre boppeslach!"

(advertinsje)