Nij húske foar froulju op Oerol

Nij húske foar froulju op Oerol
Op it Oerol festival op Skylge wurdt dizze wike in eksperimint holden mei duorsume húskes foar froulju. Der wurdt gjin spielwetter brûkt en boppedat wurdt fan de urine in soarte fan keunstdong makke. It idee is betocht troch ûndernimmers út Rotterdam en Súd-Afrika, dêr't húskes faak net hygiënysk binne en wetter brûkt wurdt om troch te spielen, wylst der geregeld in tekoart is oan wetter yn Afrika.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Op it festivalterrein De Betonning op Skylge stiet ien duorsum frouljushúske mei de namme Weestand, om't froulju net op dit húske sitte mar steane, Dat fine in soad gebrûkers mar neat, sa docht bliken út de reaksjes oant no ta op Oerol. Dochs sjocht twatredde de Weestand wol sitten, benammen om't it net stjonkt.
Der wurde op Oerol 300 froulju frege wat se der fan fine. Op grûn dêrfan wurdt bepaald oft se ek op de Europeeske merk komme. It duorsume húske wurdt test troch Innofest, dy't op festivals nije ideeën fan ûndernimmers probearret.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Neffens Friso Visser fan Innofest is de Weestand ek in oplossing foar it tekoart oan iepenbiere húskes op Oerol.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust mei Friso Visser fan Innofest
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust