Ferset tsjin nije gasboarringen yn Smellingerlân

Sa'n hûndert belangstellenden kamen moandeitejûn ôf op in foarljochtingsgearkomste tsjin nije gasboarringen yn de gemeente Smellingerlân.
Gas © Shutterstock.com
De jûn waard organisearre troch de wurkgroep 'Laat het gas niet winnen'. Dy wurkgroep bestiet út leden fan doarpsbelangen fan ferskate doarpen yn de gemeente. Ferskate sprekkers fertelden wêrom't we fan it gas ôf moatte. De measte harkers wienen it dêr folslein mei iens.
De petysje 'Tegen nieuwe gasveldboringen in Smallingerland' is oant no ta troch in lytse 1200 minsken ûndertekene.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer peilde de stimming yn Drachten