Ljouwert, Wjelsryp en Bitgum winne yn earste omloop IFK jeu de pelote
Yn Easterlittens waarden moandei wer in tal partijen fan de earste omloop fan it iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote spile. Ljouwert wie mei 8-2 folle sterker as it partoer fan Boalsert. Earder op de jûn fersloech Wjelsryp Hartwert mei 8-5. En as lêste wûn it partoer fan Bitgum fan Baard mei 8-3.
Ferline wike kamen ek al trije partoeren yn de earste omrin út de bus. Grou, Frjentsjer en Makkum binne troch nei de twadde omloop.