Supportersklup Cambuur: Kom nei stedhûs yn ferbân mei nij stadion

Supportersklup Cambuur Culture stipet in Whatsappberjocht mei dêryn in oprop om no woansdei om sân oere jûns nei it stedhûs te kommen. Reden is dat de komst fan in nij stadion yn gefaar liket te wêzen.
© Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
De supportersklup hat ek berjochten krigen dat it der nei goed útsjocht. De kommende twa wiken soene fan grut belang wêze foar de komst fan in nij Cambuurstadion en de takomst fan de klup. Cambuur Culture hat tiisdei krisisoerlis mei de Kern van Cambuur en de M.I.side om de situaasje te bepraten.
De gearkomste fan de supporters is flak foar de riedsgearkomste. Dy giet net oer it stadion. Mar de supporters tinke dat op hiel koarte termyn al besluten naam wurde moatte en dêrom is it neffens harren tiid om yn aksje te kommen.