Wurkstraf foar geweld op camping

Justysje © Shutterstock.com
In 42-jierrige ynwenner fan Oerterp hat in wurkstraf krigen fan 60 oeren foar it iepenbrekken fan in caravan, bedriging, mishanneling en gizeling. Hjirfan is 20 oeren ûnder betingst.
De Oerterper hat mids febrewaris meiholpen om in caravan iepen te brekken op camping 'Rêst mei Romte' by Boelensloane. Ek wie de man belutsen by it stellen fan guod út de caravan en by mishanneling en gizeling fan in man út Almelo, dy't op dat stuit de caravan hierde.
De oare fertochten yn dizze saak hawwe al foar de rjochter west. De rjochter hat der by de strafbepaling rekken mei hâlden dat de man út Oerterp troch dizze saak syn wurk as ZZP'er yn de bou kwytrekke is.