Oppakte bernepsychiater hat ek wurke by Fier Fryslân

18 jun 2018 - 20:11
De Veilige Veste fan Fier! Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De 66-jierige bernepsychiater út Makkingea dy't yn Nepal oppakt is op fertinking fan misbrûk, hat ek by Fier Fryslân yn Ljouwert wurke. By it behannelsintrum binne se bot skrokken fan it nijs. De psychiater wie fjouwer jier lyn yn tsjinst as ZZP'er en hat der krekt wat mear as in jier wurke. By Fier binne gjin sinjalen bekend dat de fertochte man dingen dien hat dy't net meie.

De Veilige Veste fan Fier! Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Minsken dy't harren dochs soargen meitsje, kinne kontakt opnimme mei Fier Fryslân. Trochdat de fertochte man ZZP-er wie, hat er op ferskate plakken wurke. Yn Drinte hat de GGZ is in spesjaal meldpunt ynsteld.

(advertinsje)