Sietske Poepjes wol Frysk brûken mear twinge

18 jun 2018 - 19:53

Der moat mear twang komme op it brûken fan it Frysk. Dat seit deputearre Sietske Poepjes yn It Polytburo. Sy pleitet foar in systeem fan beleanning en straf om it Frysk te befoarderjen.

Sa soenen bygelyks skoallen boeten krije kinne as se tekoartsjitte yn it oanbieden fan it fak Frysk. Poepjes wol ûndersykje oft sokke maatregels ek fertuten dogge. Se hat soarch oer it hieltyd minder brûken fan it Frysk, al giet it hjir noch net sa slim as by oare minderheidstalen.

Alden moatte Frysk prate mei de bern.

Deputearre Sietske Poepjes

Ut ûndersyk yn opdracht fan de Fryske Akademy hat bliken dien dat it persintaazje Friezen dat thús Frysk praat tusken de jierren 1994 en 2016 sakke is fan 55 nei 49 persint. Njonken Fryske les op skoalle, moatte Frysktalige âlden harren net ferbrekke tsjin de eigen bern en de Fryske taal sprekke, seit Poepjes.

(advertinsje)
(advertinsje)