Algemien direkteur NDC Dina Boonstra hâldt op

18 jun 2018 - 19:38

Algemien direkteur Dina Boonstra fan de NDC Mediagroep leit har funksje mei yngong fan 1 augustus del. Se hat fjouwer jier lieding jûn oan it noardlike mediabedriuw. Yn dy tiid is de NDC út grutte finansjele problemen kommen en hat it wer in liedende posysje krigen yn Noard-Nederlân.

Foto: ANP XTRA

By har oantreden kundige Dina Boonstra fuortendaliks in grutte reorganisaasje oan, dy't needsaaklik wie om te besunigjen. Yn de jierren dy't folgen rekke de NDC mear en mear út de skulden en naam it bedriuw oare media-organisaasjes oer, lykas Boom Uitgevers Nieuwsmedia. De omset groeit en de NDC is mear en mear in media-marketingbedriuw wurden.

Dina Boonstra fuort by NDC

Neffens Boonstra giet de NDC in nije faze yn en dêr heart nij liederskip by. Se is grutsk op wat de ôfrûne tiid berikt is: "NDC mediagroep heeft de afgelopen jaren haar leidende positie in de noordelijke samenleving herwonnen. De medewerkers werken vol zelfvertrouwen aan de uitvoering van de cross-mediale strategie. Ik ben er trots op aan dat proces leiding te hebben gegeven."

De NDC tinkt noch nei oer wa't Dina Boonstra opfolgje sil.

Trefwurden: 
NDC Dina Boonstra
(advertinsje)