Dowemelkers komme yn aksje tsjin rôffûgels

18 jun 2018 - 18:34
Dowehâlders Pieter en Gea Veenstra fan Drachtsterkompenije - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Dowemelkers komme yn aksje tsjin de beskerme status fan rôffûgels. Benammen de noardske falk (slechtvalk), de hauk (havik) en de sparwer (sperwer) foarmje op 't heden in grutte bedriging foar de faak kostbere postdowen.

Ferslachjouwer René Koster praat mei dowehâlder Pieter Veenstra

Guon dowehâlders binne troch oanfallen fan rôffûgels al de helte fan de dowen kwyt rekke. Yn de Twadde Keamer wurdt dêr tiisdei in petysje oer oanbean dêr't yn frege wurdt om in ferbod op nije nêstkasten, it útsetten fan fokte rôffûgels en de ymport dêrfan.

It is krekt as snippe se de bêste dowen der út.

Pieter Veenstra, doweman fan Drachtsterkompenije

Pieter en Gea Veenstra fan Drachtsterkompenije ûnderfine ek in soad lêst fan de rôffûgels. Sy binne sa'n 10 oant 15 persint fan de dowen kwytrekke. Mar de skea sit him net allinnich yn de dowen dy't snipt wurde, de rest fan de fûgels is faak sa oerstjoer fan de oanfal dat der eins ek gjin wedstriden mear flein wurde kinne.

Gea Veenstra: "De beskermstatus moat beheind wurde, want der binne fierste folle rôffûgels"

It tal dowehâlders is de lêste fyftjin jier al bot tebekrûn fan 120.000 nei 18.000. De fergrizing is dêr de wichtichste oarsaak fan, mar der binne ek hieltyd mear dowehâlders foar wa't de aardichheid derôf rekket troch de skea fan de rôffûgels. De petysje is al mear as sântûzen kear ûndertekene.

(advertinsje)