FIDEO: Sportoersjoch mei Lammers en in ljeprekôr

18 jun 2018 - 17:49

Alle moandeis skoot sportferslachjouwer Roelof de Vries oan yn Fryslân Hjoed. Mei diskear transfernijs by de Fryske profklups: Hearrenfean presintearre moandei Sam Lammers, de earste nije spiler foar takom seizoen. Hy wurdt hierd fan PSV. Is sa'n hierkonstruksje wol ferstannich? Cambuur makke snein de komst fan Robin Maulun bekend en dat wie foar de Ljouwerters al de sânde oanwinst. Is de seleksje al hast rûn. By it fierljeppen wie it oant no ta in seizoen mei teloarstellende sprongen, mar de topklassers reitsje op stoom: yn Winsum waard wer in seizoensrekôr notearre. Foar de kuorballers fan Havic B1 wie der minder goed nijs: sy koenen har sechsde lânstitel pakke, mar kamen der yn de finale net oan te pas.

(advertinsje)