Man út Bûtenpost krijt wurkstraf foar fraude mei fersekering

18 jun 2018 - 17:46

In man (56) út Bûtenpost hat in wurkstraf fan 40 oeren krigen, omdat er de fersekering oplichte hat. De man woe in libbensfersekering ôfkeapje, mar tsjinne dêr in ferfalske oanfraach foar yn.

De man hie de oanfraach yntsjinne neidat syn relaasje útrekke wie. Foar de oanfraach hie er de hanteken fan de frou ferfalske en in kopy fan har ID-kaart nei de fersekering stjoerd, sadat it like as oft sy it dêrmei iens wie.

De oanfraach wie yn 2012 de doar al útgien. De eks-partner fan de fertochte kaam der trije jier letter achter dat de man de folsleine preemje fan goed 28.000 euro opstrutsen hie.

De man moat syn eks in skeafergoeding betelje. En hy moat de helte fan it jild dat er mei de fraude fertsjinne hat werombetelje oan de steat.

(advertinsje)
(advertinsje)