Redbad-produsint Klaas de Jong sjocht út nei Redbad-premjêre

Nei 14 jier research, casting en opnamen is it sneon safier: de premjêre fan de film Redbad yn Ljouwert. Foar de allerearste kear sil it ferhaal fan de Fryske leginde te sjen wêze yn de bioskoop. Fryske produsint Klaas de Jong rûn al jierren mei it idee om in film oer de heidenske held te meitsjen en yn Fryslân Hjoed sjocht hy alfêst foarút op de film.
Foarútsjen premjêre Redbad
Redbad giet oer de Fryske kening Redbad ('Radboud' yn it Nederlânsk), dy't yn de iere midsiuwen mei help fan de Fikingen striid fierde tsjin kristenen dy't it leauwen mei hurde hân oplei yn de lege lannen.

Frysk

Opnamen foar de film binne ûnder oaren makke by De Alde Feanen by Earnewâld en op It Amelân. Dat is dan ek it iennige Fryske oan de film. Der komt gjin wurd Frysk yn foar, mar neffens De Jong hoecht dat ek net. "Fryslân draacht neat by oan de film, allinnich dat guon sênes yn Fryslân opnaam binne." De Jong seit ek dat Redbad hielendal net sa Frysk is. "Hy wenne yn Magna Frisia, dat ûntstie yn de sânde iuw. It wurdt dan wol it Fryske ryk neamd, mar it gebiet is sa grut as hiel Noard- en West-Nederlân. Hoe Frysk wie Redbad dan? Dy diskusje wurdt no wol fierd. Guon sizze dat de Friezen Redbad harren held makke ha, mar dat dit net terjochte is."

Histoaryske feiten

Tsien jier lang ha histoarisy ûndersyk nei Redbad dien yn gearwurking mei de filmploech. "Der is in soad oer Redbad dat wy net wisten en no witte wy noch hieltyd net alles. Is it in leginde en op basis dêrfan ha wy de film makke." Dochs komme der krityske lûden oer de film. Skriuwer Willem Schoorstra hat jierren lyn in boek oer Redbad skreaun. Neffens him binne de filmmakkers net terjochte ôfwykt fan de histoaryske feiten oer de legindaryske Fryske kening Redbad, wylst just de histoarje nijsgjirrich genôch is om in moaie film fan te meitsjen. De Jong jout as reaksje dêrop dat hy in spylfilm makke hat, gjin dokumintêre, mar dat sy harren bêst dien ha om sa ticht mooglik by de histoaryske feiten te bliuwen.

Kontroversjeel

Ek soe de film oer de Fryske frijheidsstrider misledigjend wêze foar grutte befolkingsgroepen. Klaas de Jong fertelt dat er in pear wike lyn brief krigen hat fan YouTube, wêryn't stiet dat se de trailer net op harren webside sette wolle. De Jong: "Wy ferwachten dat wy reaksje krije soenen oer it ferset tsjin it kristendom. Redbad stiet bekend as in heidenske foarst dy't it kristendom as fijân sjocht. Yn Nederlân falt dat miskien ta, mar yn de rest fan de wrâld is it noch in ding. Mar yn de film litte wy beide kanten fan it ferhaal sjen."
Yn in dokumintêre fan de film leit regisseur Roel Reiné út hoe't er dat dien hat. Alles wat kristenen is hiel moai makke. Mar hy lit ek de grouwélige dingen sjen as it forsearjen fan in religy en it forsearjen fan it dopen, Dêr tsjinoer litte se ek de goeie en minne dingen sjen fan it heidenske geloof. Bygelyks dat se famkes opbrâne foar it leauwe en dat dat hiel gewoan is.

Jappekampen

De iene film is noch net yn premjêre gong, of De Jong is alwer dwaande mei ideeën foar in folgjende. "Ik wol altyd nochris wat dwaan mei de besetting fan Nederlânsk-Yndië. Ik tink dat dêr in soad ferhalen yn sitte dy't wy fertelle kinne. Mar ek de 80-jierrige oarloch en de ûndergong fan de VOC hâlde my op dit stuit dwaande."