Oppakte bernepsychiater freget help by honorêr konsulaat

18 jun 2018 - 17:10

De 66-jierrige fertochte dy't tongersdei oppakt is foar bernesekstoerisme yn Nepal, hat by it honorêr konsulaat yn Kathmandu help oanfrege. Dat fertelt wurdfierder Willemien Veldman fan it ministearje fan Bûtenlânske Saken. "Deze persoon heeft om consulaire bijstand gevraagd en die krijgt hij. Meer kan ik in het belang van de privacy van de verdachte niet vertellen."

Foto: Wikimedia Commons

Konsulêre bystân

As Nederlanners yn it bûtenlân oppakt wurde, freegje de lokale autoriteiten oan de fertochte oft sy ek ferlet hawwe fan bystân. As dat it gefal is, jouwe dyselde autoriteiten dat oan by de ambassade of by it honorêr konsulaat. Yn Nepal is gjin Nederlânske ambassade. It lân hat wol in honorêr konsulaat.

"Consulaire bijstand is een pakket aan maatregelen" fertelt Veldman. "Het houdt in ieder geval in dat je bezocht wordt door de honorair consul. Daarnaast krijg je 30 euro per maand om in je levensonderhoud te voorzien, bijvoorbeeld in het onderhouden van contact met je familie. Verder wordt de toestand door de ambassade in de gevangenis gemonitord. En als de verdachte dat wil, kan de ambassade een lijst met namen van advocaten geven."

Willemien Veldman fan Bûtenlânske Saken

Bûtenlânske Saken mei gjin ynformaasje jaan oer oft de 66-jierrige fertochte út Makkingea in advokaat yn 'e earm naam hat. "Dat heeft allemaal te maken met de nieuwe privacywet. Buitenlandse Zaken bemoeit zich trouwens ook niet met de verdere rechtsgang, dat is aan de lokale autoriteiten in dat land, in dit geval Nepal."

Alle jierren wurde der meardere Nederlanners yn it bûtenlân oppakt foar it oertreden fan de wet. "Zo'n 1300 keer per jaar komt het ministerie van Buitenlandse Zaken in beeld voor het bieden van hulp. Dat gaat om personen die bijvoorbeeld drugs hebben gesmokkeld, zich aan kindermisbruik schuldig hebben gemaakt of andere misdrijven."

(advertinsje)