Bysûndere fûgelsjochhutte Alde Feanen ôfbaarnd

18 jun 2018 - 16:21

In fûgelhutte fan It Fryske Gea yn De Alde Feanen is sneontejûn folslein ôfbaarnd. De hutte stiet by de Grutte Krite. Hy is bedoeld om de koloanje ielguozzen observearje te kinnen dy't dêr oan it brieden is. De fûgelsjochhutte is allinnich mei in boat berikber. It Fryske Gea neamt de brân in grut ferlies, fanwege de bysûndere lokaasje.

De ôfbaarnde fûgelsjochhutte yn de Alde Feanen - Foto: It Fryske Gea

De fûgelsjochhutte wie foar elk frij tagonklik en hy waard ek geregeld brûkt. Njonken de ielguozzen wiene der ek oare fûgels te sjen, lykas de see-earn, dy't ek yn De Alde Feanen sit. Neffens It Fryske Gea is de skea troch de brân op syn minst 45.000 euro.

Ik kin net begripe dat ien soks fernielt.

Fokke Jan de Jong, It Fryske Gea

Distriktshaad Fokke Jan de Jong neamt it in grut ferlies foar de natuerleafhawwer. "De hutte stiet dêr spektakulêr op peallen middenyn it wetter. Ut de hutte wei koest sa nei tsientallen briedende ielguozzen sjen. Gewoanwei fantastysk. En dat is no hielendal fuort. Ik kin mar net begripe dat ien soks fernielt." De Jong tinkt dat der brânstichting yn it spul is. Der is gjin stroomoansluting of sinnepanielen, dat is net mooglik dat de brân dêrtroch ûntstien is.

Fokke Jan de Jong oer de ôfbaarnde fûgelsjochhutte op peallen

It is in frijsteande hutte op it wetter fan hout en reid mei in pannedakje. It hokje stie in meter of 6 fan de reidkraach ôf. In lyts bytsje reid hat ek baarnd. Hie dit winterdeis bard, dan wie it leed net te oersjen. Dan hiene hiele reidfjilden ôfbaarnd, seit De Jong.

Der wurdt no earst oanjefte dien by de plysje en de fersekering kriget berjocht, seit De Jong. Hy tinkt dat de weropbou fan de ôfbaarnde fûgelsjochhutte inkeld plakfine kin mei help fan sponsorjild, sa is syn earste reaksje.

(advertinsje)
(advertinsje)