PostNL besoarget pakketsjes fossylfrij yn binnenstêd Ljouwert

Pakketsjes wurde yn de binnenstêd fan Ljouwert tenei besoarge op in duorsume wize. PostNL start yn Ljouwert mei in lanlike pilot, wêrby't de pakketbesoargers elektrysk ferfier brûke. De oanlieding dêrfoar is de Elfwegentocht, dy't fan 1 oant en mei 14 july plakfynt yn Fryslân.
In saneamde stint, wêrmei't PostNL pakketsjes besoarget yn de Ljouwerter binnenstêd © Omrop Fryslân

Primeur

"Dit is de earste binnenstêd fan Nederlân dêr't we op in folslein duorsume wize de pakketsjes besoargje. Dat is hiel bysûnder", fertelt Rolf Jansma fan PostNL. Ek mei it each op de Elfwegentocht is de kar op Ljouwert fallen. Jansma: "Fryslân is hiel bot dwaande mei duorsumens. It is in hiele moaie omjouwing om hjir te starten."
Foar de besoarging fan de lytsere pakketsjes sil PostNL gebrûk meitsje fan saneamde stints. Dat binne in soarte fan elektryske bakfytsen, dêr't de pakketbesoargers op stean kinne. PostNL ferwachtet dat, hielendal middenyn de stêd, de besoarging mei stints flugger giet as mei auto's. De gruttere pakketten sille mei in duorsume bus besoarge wurde.
Wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert krijt it earste fossylfrij besoarge pakketsje © Omrop Fryslân
It is skearing en ynslach mei bedriuwen dy't har oanmelde.
Projektlieder Tsjeard Hofstra fan de Elfwegentocht
By de organisaasje fan de Elfwegentocht binne se bliid mei de oanmelding fan PostNL. Se fernimme fral hieltyd mear entûsjasme ûnder it bedriuwslibben, sa seit projektlieder Tsjeard Hofstra. "It is skearing en ynslach mei bedriuwen dy't har oanmelde. We steane der poerbêst foar. Ik tink dat fan alle Friezen we oer de helte binne fan guon dy't meidogge." De Elfwegentocht set nije wike snein útein en duorret twa wiken. It doel fan de tocht is om twa wiken gjin fossile brânstoffen te brûken.

MerkFryslân

Njonken PostNL slút moandei ek MerkFryslân him oan by de Elfwegentocht. Om omtinken dêrfoar te freegjen, komme guon meiwurkers moandeitemoarn op in ludike wize nei it wurk ta. De ien komt op it hynder, de oar swimt en wer in oar kiest foar suppen. Direkteur Martin Cnossen swom troch de Ljouwerter grêften nei it gebou fan MerkFryslân. It wie foar it earst, mar net foar it lêst, seit Cnossen. "We binne de haadstêd fan it wetter. Dus de grêften binne skjin. It wie waarm wetter. Dit doch ik faker!"
MerkFryslân-direkteur Martin Cnossen swimt nei it wurk © Omrop Fryslân