"Minsken moatte op de dyk rekken mei elkoar hâlde"

18 jun 2018 - 15:13

De ûnfeilichheid op de A7 komt foaral trochdat bestjoerders har ôfliede litte, trochdat der ûnnedich links riden wurdt en trochdat minsken oan de bumper fan in oar kleve. Dat sizze dielnimmers fan it publykspanel fan Rykswettersteat. Sy koene har miening jaan oer de feilichheid fan de A7 en de A28. Rykswettersteat hâldt geregeld sokke enkêtes.

Foto: Google Street View

Hast de helte fan de 475 respondinten is troch it spesjale feiligensprojekt A7 Attent fan Rykswettersteat mear bewust fan ûnfeilich rydgedrach op de A7, sizze de minsken sels. De plysje en Ryskwettersteat fiere dêr sûnt ferline jier in hanthavenings- en foarljochtingsaksje, om autobestjoerders te wizen op ferantwurdlik rydgedrach.

Steure oan 'asosjaal' rydgedrach

Fia de enkêtes, mar ek fia oare kanalen litte minsken witte dat se har steure oan 'asosjaal' rydgedrach. Op de fraach fan Rykswettersteat wat se dêr krekt mei bedoele, kamen in hiel soad reaksjes. "Van die aso's die belachelijk langzaam inhalen", "Idioten die bumperkleven", "Mensen die knoerthard rechts en links voorbij komen", "Afsnijden, heel irritant", sizze autobestjoerders oer oare dykbrûkers.

Sels ferantwurdlikheid nimme

De projektgroep fan Rykswettersteat brûkt de enkêtes en de oare reaksjes om spearpunten te bepalen foar folgjende foarljochtingsaksjes en plysjekontrôles. Mar úteinlik moatte minsken sels har ferantwurdlikheid nimme, seit projektlieder Hans Rombouts fan Rykswettersteat. "Zoals een weggebruiker terecht schreef: 'Iedereen praat hier mooi over wat anderen fout doen, maar mensen vergeten dat ze zelf ook wel wat beter kunnen rijden.' Laten we daarom allemaal meer rekening houden met elkaar. Niet direct met het vingertje naar iemand anders wijzen, maar eerst kijken of je zelf je gedrag ook kunt aanpassen. Uiteindelijk moeten we het met elkaar doen!"

(advertinsje)