Fryske hacker moat sel yn foar grutskalige cyberkriminaliteit

18 jun 2018 - 14:25

De 37-jierrige Fryske cyberkrimineel dy't hûnderten minsken en bedriuwen hackt en bestellen hat, is moandei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta fjouwer jier sel, wêrfan in jier ûnder betingst. De man, dy't no yn Eindhoven wennet, hat earder yn Snits en Ljouwert wenne. Hy is feroardiele foar oplichting, kompjûterfredebrek, Facebookfraude en wytwaskjen. It Iepenbier Ministearje hie fjouwer jier sel sûnder betingst easke.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de rjochtbank wie der sprake fan grutskalige en profesjonele cyberkriminaliteit. De man makke websiden mei in winkelfunksje, mar boude in geheime funksje yn wêrmei't hy brûkersnammen en wachtwurden fan klanten ûnderskepte. Mei dy gegevens kocht hy guod by Bol.com. De man wie ferslave oan gokken en oan speed, mar is dat no net mear. Hy wennet en wurket tsjintwurdich yn België.

Mei de straf wol de rjochtbank in sinjaal ôfjaan foar it lijen wat hy de minsken oandien hat.

(advertinsje)