Sam Lammers nei Hearrenfean: "Ze hebben veel spitsen voortgebracht"

18 jun 2018 - 14:05

SC Hearrenfean hiert Sam Lammers ien seizoen fan PSV. De klup hat de nije tydlike spits moandei presintearre.

Lammers is 21 jier en spilet al sûnt 2010 by PSV. Yn 2015 tekene er in profkontrakt by de klup út Eindhoven. De ôfrûne seizoenen spile Lammers benammen foar Jong PSV. Yn 63 Jupiler League-wedstriden makke hy 30 goals. Foar it earste team fan PSV spile Lammers totaal tolve wedstriden yn de earedifyzje. Hy skoarde dêryn twa kear.

De spits hat de ôfrûne jierren ek yn ferskate jeugdteams fan Oranje spile. Hy skoarde trije goals yn njoggen wedstriden foar Nederlân ûnder 21.

Foto: www.dijksfotografie.nl

Ze hebben veel spitsen voortgebracht.

Nije SC Hearrenfean-spits Sam Lammers

Der wie in soad belangstelling foar Lammers. De kar foel úteinlik op SC Hearrenfean: "Ik vind Heerenveen een mooie club. Ze hebben veel spitsen voortgebracht en de club heeft een goede uitstraling", sa fertelt Lammers. Ek it feit dat de Feansters struktureel yn de subtop meidogge wie foar de 21-jierrige oanfaller wichtich. Neffens Lammers hat hy in goeie technyk en is hy mei beide fuotten like goed. "Ik ben een beweeglijke spits die zelf ook kansen kan creëren en het team beter kan laten voetballen."

Foto: Omrop Fryslân, Roelof de Vries

"Moaie konstruksje"

"We hebben al vragen gekregen of het huren niet tegen de filosofie van Heerenveen is", sei algemien direkteur Luuc Eisenga. "Maar laat ik het zo zeggen: als het een platte huur was geweest, hadden we hem niet gehuurd. We hebben een mooie constructie tussen PSV, Lammers en Heerenveen bedacht."

Allround

Ek technysk manager Gerry Hamstra is wiis mei de komst fan Lammers. "We hebben Lammers het afgelopen jaar heel intensief gevolgd bij PSV. We denken dat we met hem een spits hebben die iets toevoegt aan ons systeem, hij is heel allround."

(advertinsje)