Autoruten fan Oerolbesikers ynsmiten by Harns

18 jun 2018 - 13:38

Unbekenden ha de ruten fan sân auto's ynsmiten. De fernielde auto's stienen parkearre lâns de Westerseedyk by Harns en binne nei alle gedachten fan besikers fan Oerol op Skylge.

Foto: Postema Media

De auto's stiene krekt oer de gemeentegrins parkearre op terrein fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It is neffens in wurdfierder fan de gemeente Harns de eigen ferantwurdlikheid fan bestjoerders om de auto's bûten de betelle en bewaakte langparkearplakken del te setten. De plysje hat de auto's wetterticht makke troch der plestik oerhinne te spannen.

Foto: Postema Media
(advertinsje)
(advertinsje)