Mem fan kliïnten bernepsychiater: "Us jonges binne yn sjok"

18 jun 2018 - 13:27

De arrestaasje yn Nepal fan in 66-jierrige bernepsychiater út Makkingea op fertinking fan misbrûk, hakt der by syn kliïnten en harren âlden flink yn. "Us jonges binne yn sjok en oandien troch it nijs", fertelt de mem fan twa jonges fan 14 en 16 jier, dy't al in jier as fiif by de man yn behanneling binne.

"Earst koene we it net leauwe, mar doe't stadichoan mear details bekend waarden, moast it him wol wêze. We kenne de man as in prima keardel, hertlik, sosjaal en in echte fakman. Ek efternei kinne we neat betinke dat mooglik der yn de kontakten wat net hielendal yn heak wie."

Altyd ien by

"Der hat trouwens ek altyd ien fan ús by west", fertelt se ek noch, wat it ferhaal fan Therapeuticum befêstiget. Therapeuticum is de organisaasje op De Jouwer dêr't de psychiater foar wurke. De mem lit fierder witte dat der allinnich mar mei in profesjonele reden lichaamlik kontakt west hat, bygelyks by it opnimmen fan de bloeddruk.

Persoanlike saken ferteld

It sit de beide jonges noch it meast dwers dat se yn de petearen mei de man ek hiel persoanlike saken ferteld ha, dêr't se har efternei wol ferfelend ûnder fiele. Moandeitemiddei sil de mem fierder yn petear mei Therapeuticum om te besprekken hoe't de behanneling fan de jonges fierder gean kin. Om de bern te beskermjen wol de famylje fierder net yn in nijs.

(advertinsje)