Grut Frysk Diktee giet tongersdei net troch fanwege min waar

It waar is net te foarsizzen en dat is foar in soad eveneminten faak in stroffelblok. Dat jildt ek foar it Grut Frysk Diktee dat no tongersdei yn de iepen loft wêze soe, op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Der wurdt min waar ferwachte en dêrom hat de organisaasje besletten it evenemint net trochgean te litten. It diktee wurdt ferset nei nije wike woansdei 27 juny. Dit wie al de reservedatum, dy't yn it foar kommunisearre is mei alle dielnimmers.
Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De organisaasje hat him op waargebiet advisearje litten troch Piet Paulusma. De waarman ferwachtet foar tongersdei oanhâldende rein, hurde wyn en kjeld. Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy fynt it spitich dat it evenemint tongersdei net trochgiet, mar wol de minsken net yn it minne waar wurkje litte. "Ik baalde wol doe't ik it hearde en wie der even stil fan. Mar de knop moat om. Foar 27 juny liket it waar wol goed te wurden."

De 680 dielnimmers oan it Grut Frysk Diktee krije noch in mail fan de organisaasje, wêryn't sy op 'e hichte steld wurde fan de nije datum.
Hindrik Sijens fan de Fryske Akademy oer it útstel fan it Grut Frysk Diktee
Live te folgjen
It Grut Frysk Diktee is woansdei 27 juny fan 19.00 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online. En net allinnich op it plein kinne minsken meidwaan, ek de minsken thús kinne dat. Fia www.fryskdiktee.frl kin elkenien thús it diktee meiskriuwe. It wurdt dan ek automatysk neisjoen.