Plysje siket minsken dy't mear witte fan swierferwûne man op Sintrale As

De plysje siket tsjûgen dy't mear witte fan wat der bard is mei de man dy't sneon swierferwûne oantroffen waard yn de middenberm op de Sintrale As. It giet om in man fan 38 jier út Feanwâlden.
© De Vries Media
De man waard sneon om 15.00 oere hinne as fermist opjûn. Flak nei 17.30 oere wie der in melding fan in persoan dy't yn de middenberm fan de Sintrale As lei, yn de buert fan Sumar. It die bliken dat it om de fermiste man út Feanwâlden gie.
De plysje is op it stuit dwaande mei ûndersyk nei de tadracht. Se witte noch net hoe lang oft de man dêr lein hat. Dêrom siket de plysje nei tsjûgen dy't de man de nacht derfoar of de dei sels riden of lizzen sjoen hat.
Oer de tastân fan de man wol de plysje fierder neat sizze.