GGZ Friesland: oppakte bernepsychiater net by ús yn tsjinst

De bernepsychiater út Makkingea dy't yn Nepal oppakt is, is net yn tsjinst is by GGZ Friesland, Kinnik, of Kind en Jeugd GGZ. Dat skriuwt GGZ Friesland op har webside. Wol hat de man yn it ferline wurke by GGZ Friesland. Yn de ferklearring wurdt sein dat der op dit momint gjin oanwizings binne foar net-talitber gedrach yn de perioade dat de man wurke foar GGZ Friesland.
De ferklearring is online set om't der soad ferûntrêste telefoantsjes en mailtsjes by GGZ Friesland binnen kaam binne. De ferklearring hat as doel om twivel fuort te nimmen en spekulaasjes en fierdere ûnrêst foar te kommen. Fan de man soe gjin personielsdossier mear wêze, om't er al mear as trije jier net mear foar GGZ Friesland wurket.