Fryslân giet tsjin lanlike trend yn: mear huzen ferkocht

De delgong fan it oantal wenningferkeapen set yn Nederlân troch, mar yn Fryslân is der in lytse groei.
Neffens it Kadaster waarden yn maaie lanlik rom 18.000 huzen ferkocht, in delgong fan 9 persint yn ferliking mei it oantal in jier lyn. Yn Fryslân waarden mei 646 krekt wat mear huzen ferkocht yn fergeliking mei in jier lyn, doe't 635 huzen yn ús provinsje ferkocht waarden.
As reden fan de lanlike delgong wurdt neamd dat it oanbod fan huzen dat te keap oanbean wurdt, hieltyd fierder ôfnimt. Dat hat der wer mei te krijen dat der yn de jierren nei de ekonomyske krisis in soad huzen ferkocht binne.