SC Hearrenfean jout moandeitemiddei in parsekonferinsje

Sportklup Hearrenfean hâldt moandeitemiddei om 14.00 oere in parsekonferinsje op it Abe Lenstra stadion. De klup presintearret in nije spiler.
De ôfrûne wiken waard al bekend dat Hearrenfean efter Sparta-ferdigener Sherel Floranus en PSV-spits Sam Lammers oan sit. Floranus soe de opfolger fan Denzel Dumfries wurde moatte, dy't nei alle gedachten de oerstap nei PSV ta makket.