Friezen sliepe min en sykje faak om sliepmiddels

18 jun 2018 - 10:31

Fan de Nederlanners binne Friezen en Siuwen op ynternet it faakst op syk nei sliepmiddels. Dat docht bliken út ûndersyk troch fergelikingswebside beslist.nl. It yn sliep fallen is yn Fryslân en Seelân in grut probleem. De reden derfan is net bekend.

Foto: ANP

Ut it ûndersyk docht ek bliken dat ien op de fiif Nederlanners min sliept. De grutste oarsaak is it snoarkjen fan de partner. Dat komt it meast foar yn de noardeastlike provinsjes, Oerisel is dé snoarkprovinsje fan Nederlân.

(advertinsje)