Kollum: "Let net op 'e rommel"

18 jun 2018 - 07:44

"Ik moat stikem altyd leitsje om minsken dy't al by de foardoar ferûntskuldigjend roppe: 'Let net op 'e rommel'. Yn 99 prosint fan de gefallen binne dit nammentlik minsken dy't in hiel skjin hûs hawwe. Dêr'tst sykje moatst oft der überhaupt wol ergens rommel leit. Ik ha mar ien kear by ien yn 'e hûs west dy't by de foardoar ek sei 'Let net op 'e rommel' en dêr't it sa'n teringbinde wie dat ik tocht: 'No, dat is makliker sein as dien'.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ik moast der oan tinke doe't ik it nijsberjocht lies oer minister Arie Slob dy't in ferrassingsbesite brocht oan Jesse Looijenga, dy't ôfrûne wike slagge foar syn vmbo-t-diploma. Yn plak fan de telefoan gong by Jesse samar ynienen de doarbelle. En tadaa, dêr stie de minister op 'e stoepe mei taart én in hiele kliber oan sjoernalisten.

Hoe soe dit gong wêze, tink ik dan fuort. Hoe spontaan is dizze ferrassingsbesite? Ik mei dochs hoopje foar de mem fan Jesse dat de personal assistant fan Arie fan tefoaren efkes belle hat, sadat se noch gau de âlde Libelles oan de kant lizze koe, in farsk fjildboeketsje op tafel sette mocht en foar de foarm in appeltaart bakt hat, lykas by de ferkeap fan in hûs. Om dan dêrnei te sizzen: 'Kom binnen minister, maar let niet op de rommel.'

Mar stel no dat it echt in ferrassingsbesite wie. Ik moat der net oan tinke dat de minister samar by my foar de doar stiet. Hy soe yn de gang al stroffelje oer de skjirmasinen en ferlingsnoeren. Ik bin mei in opknapbeurt fan de trep dwaande, mar dat projekt leit al in skoftke stil. Dus ik soe him as de soademiter trochstjoere nei de wenkeamer.

Alhoewol; dêr leit in bank fol mei wask te wachtsjen oant ik it einliks optear. Ik sjoch it al foar my dat Arie per ûngelok yn syn netsjese pak boppe-op myn linzjerysetsje sitten giet. Yn de keuken kin ek net, want it oanrjocht stiet noch fol mei de pannen fan juster en de breaboardsjes fan fan 'e moarn. En midden yn de bykeuken stiet de meanmasine, dy't ik justermiddei noch gau efkes brûkt ha. En ien ding bin ik wis fan: it rûkt der seker net nei farske appeltaart. Earder nei in stjonkende ôffalsek yn de kliko, dy't noadich ris ferskjinne wurde moat.

No sille jim wol tinke: jakkes, wat hat dy Nynke in binde yn 'e keet. Mar ik ha lêstendeis lêzen dat rommel dyn kreativiteit fergruttet. Ferline jier hat der noch in ûndersyk nei west. Rommel wurket as in ideeëgenerator, wat it kreatyf tinken stimulearret. Kinst dus better yn in kantoar fol rommel in kollum skriuwe as oan in opromme buro. 'Als een rommelig bureau staat voor een rommelige geest, waar staat een leeg bureau dan voor?', sei Albert Einstein alris hiel treffend.

Boppedat falt it my op dat slimme minsken yn it sjoernaal altyd ynterviewd wurde yn harren kantoar dat fol leit mei steapels papier en alderhande rotsoai. Dus kenlik stiet rommel ek foar in tûke geast. Mei oare wurden: rommel is eins allinnich mar goed.

Dus mocht Arie Slob my noch ris ferrasse wolle mei in besite en syn personal assistant bellet my fan tefoaren, dan sil ik der foar soargje dat ik nergens oankom. En as er dan binnenkomt, sis ik grutsk: 'Dag, minister. Let u vooral op de rommel.'"

(advertinsje)