Ljouwerter oanhâlden foar mishanneling kafeemeiwurker
De plysje hat sneintenacht in man oanhâlden foar mishanneling fan in meiwurker fan in kafee oan it Ruterskertier yn Ljouwert. By syn oanhâlding begûn de 31-jierrige fertochte út Ljouwert ek noch de plysjes te misledigjen.
Der wurdt moandei mei de eigener fan it kafee oerlein oft de Ljouwerter in kollektive hoareka-ûntsizzing krije moat, sa meldt de plysje.