Op fakânsje mei de camper? Earst op kursus

18 jun 2018 - 06:24

In soad campereigeners wiene dit wykein oanwêzich by de kursusdei fan de Nederlandse Kampeerauto Club.

Foto: Omrop, Lennie Bronsveld

Op it terrein fan rydskoalle Tilstra yn Ljouwert waard der drok oefene mei bygelyks remjen, ynparkearjen en manoeuvrearjen. Dêrneist krigen alle dielnimmers ek teoryles en moasten se in rit meitsje troch Ljouwert. As minsken oan de ein fan de dei de kursus goed trochstien hienen, koenen se tsien persint koarting krije op de fersekering fan de camper.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld sjocht by de kursusdei

Dat is een hele andere beheersing dan in een personenauto.

Jan Duit fan de Nederlandse Kampeerauto Club

''Het is belangrijk dat mensen meedoen aan de cursusdag'' fertelt Jan Duit fan de Nederlandse Kampeerauto Club. ''Je leert zo je voertuig kennen. Een heleboel mensen denken dat ze in een personenauto zitten, maar een camper is heel anders. Het minimale gewicht van een camper is 3500 kilo. Daarvoor geldt een hele andere beheersing dan in een personenauto.''

(advertinsje)