Taeke Triemstra klimt nei sechsde plak yn ivich keatsklassemint

17 jun 2018 - 21:17

Taeke Triemstra is dit wykein mei syn twa finaleplakken nei it sechsde plak fan it keatsklassemint fan alle tiden klommen. De keatser út Sint-Jabik stiet no op 695 punten yn it klassemint.

Taeke Triemstra snein yn Sint-Jabik - Foto: Henk Bootsma

Taeke Triemstra nei it ferlies yn de finale yn Sint-Jabik

Ek Tunno Schurer hat 695 punten, mar Triemstra wist dat er Schurer passearre hat: "Ik bin gelyk kaam mei Tunno yn punten, mar ik ha mear earste prizen, dis ik bin him foarby. No op nei de folgjende."

Dat is Chris Wassenaar, dy't 699 punten. "Noch fiif punten derby, dan bin ik dêr ek oerhinne", seit Triemstra. "Sjen oft ik dat takom wike helje kin." Triemstra, dy't snein de finale yn syn eigen Sint-Jabik ferlear, hâldt him dus wol mei it klassemint dwaande. "As je sa fier komme, dan hâldst ek yn de gaten hoefolle datst noch nedich hast om foarby te kommen."

Takom wykein steane de haadklassepartijen yn Holwert en Berltsum op it programma.

De top fan it keatsklassemint:

  1. Piet Jetze Faber, 885
  2. Hotze Schuil, 876
  3. Wiebren van Wieren, 785
  4. Sake Saakstra, 770
  5. Chris Wassenaar, 699
  6. Taeke Triemstra, 695
  7. Tunno Schurer, 695
Trefwurden: 
keatsen Taeke Triemstra
(advertinsje)
(advertinsje)