Oerol-besikers wurde waarm makke foar Kulturele Haadstêd

Besikers fan it Oerol-festival wurde waarm makke foar de foarstellings fan Kulturele Haadstêd op de fêste wal. Op it festivalterrein op Skylge is in spesjale ynformaasjestand fan LF2018. Boppedat fytse meiwurkers fan Kulturele Haadstêd it eilân oer om promoasje te meitsjen en besikers oer te heljen nei Fryslân te kommen at Oerol foarby is. Ien fan harren is Johannes Keekstra.
Oerol-besikers wurde waarm makke foar Kulturele Haadstêd
Johannes Keekstra
Johannes Keekstra yn aksje © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It wurk dat Keekstra en oaren dogge is tige wichtich, neffens direkteur Tjeerd van Bekkum fan Kuturele Haadstêd. Hy fynt dat der mear 'Hollanners' nei Fryslân komme moatte. Op Skylge fertelle de measte festivalgongers dat se Kulturele Haadstêd kenne. Benammen de alve fonteinen en de komst fan de Reuzen fan Royal de Luxe yn augustus binne bekend. Guon Oerol-besikers litte witte dat se grif nei Fryslân en Ljouwert komme sille.
De ynfobaly fan LF2018 op it festivalterrein © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust