Kingma, Hiemstra en Wassenaar winne yn Sint-Jabik

It partoer mei Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar hat it haadklassekeatsen yn Sint-Jabik wûn. Yn de finale fan de frijeformaasjepartij fersloegen Kingma-en-dy it partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra mei 5-3 en 6-2. Dêrmei komme se goed werom nei de minne dei sneon yn Dokkum. Yn Dronryp stienen de partoeren fan Kingma en Van der Bos ek al tsjinoer inoar. Doe wûn Van der Bos.
Kening Hans Wassenaar © Henk Bootsma
Enno Kingma
Dat slagge it trio fan Van der Bos diskear dus net. It partoer fan Kingma pakte yn de finale in foarsprong fan 3-1. Van der Bos-en-dy kamen noch werom ta 3-2, mar dêrnei wie it ferskil altyd op syn minst twa earsten. Nei de earste haadklasse-oerwinning yn Stiens fan in wike lyn pakke Kingma, Hiemstra en Wassenaar no wer in krâns.
It partoer mei Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden pakte yn Sint-Jabik de lytse preemje. Yn de heale finale ferlearen se fan Kingma-en-dy.
Enno Kingma, Hans Wassenaar en Renze Hiemstra © Henk Bootsma
Taeke Triemstra

Rûte nei de finale

Kingma, Hiemstra en Wassenaar hienen it yn de earste omloop dreech mei Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Mei alles oan 'e hang gie de winst dochs nei Kingma-en-dy. Yn de twadde omloop rûn it better: 5-0 en 6-2 tsjin Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten. Yn de heale finale wûnen se dêrnei fan it trio Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden.
Yn de finale gienen de earste trije earsten om en om, oant it 2-1 stie foar Kingma-en-dy. Dy sloegen dêrnei op 6-6 in gatsje nei 3-1. It trio Van der Bos kaam noch wol werom ta 3-2, mar dêrnei wie it ferskil noait minder as twa earsten. Op 5-3 en 6-2 stelde Wassenaar de oerwinning fan syn partoer feilich troch de bal foar de keats te kearen.
Hans Wassenaar waard yn Sint-Jabik útroppen ta kening.