Sijbrandij-en-dy winne keatsen yn Sint-Jabik

Nienke Sijbrandij, Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra ha yn de haadklasse de frije formaasjepartij yn Sint-Jabik wûn. Yn de finale wienen de froulju mei 5-1 en 6-0 te sterk foar Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol.
Marrit Zeinstra waard keninginne yn Sint-Jabik © Henk Bootsma
De susters Sijbrandij en Zeinstra wûnen yn de heale finale fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. Dijkstra-en-dy hienen har foar de finale pleatst troch fan Marije van der Meer, Maaike Osinga en Annelien Boersma te winnen.
De lytse preemje wie foar Tuinenga-en-dy.
© Henk Bootsma