René Hooghiemster fiifde yn Deenske koers

Hurdfytser René Hooghiemster is as fiifde einige yn de GP Horsens yn Denemarken. De 31-jierrige Snitser siet mei yn in kopgroep fan fiif, dy't in lytse minút foar de efterfolgers einige.
De oerwinning yn de koers oer 186 kilometer gie nei Herman Dahl út Noarwegen. Hooghiemster einige úteinlik op fyftjin sekonden fan de winner. De oare trije hurdfytsers yn de kopgroep wienen allegear Denen.
De GP Horsens makket diel út fan twa iendeiswedstriden yn Denemarken. In dei earder gie de winst nei Mads Pedersen, dy't snein sânde waard.