Frânske middenfjilder Robin Maulun nei Cambuur

17 jun 2018 - 16:50

Middenfjilder Robin Maulun spilet takom seizoen foar SC Cambuur. De 21-jierrige Frânsman tekenet foar ien seizoen by de Ljouwerters, mei de opsje foar noch in seizoen. Yn maaie wie Maulun al in pear dagen op proef by Cambuur

Foto: www.dijksfotografie.nl

Maulun is in oanfallend ynstelde middenfjilder en hat de hiele jeugdoplieding fan Girondins de Bordeaux trochrûn. Foar de Frânske topklup makke er ek syn debút op it heechste nivo yn Frankryk en yn de Europa League. It ôfrûne seizoen spile Maulun foar Trélissac, op it fjirde nivo yn Frankryk.

Foeke Booy, technysk manager fan Cambuur, omskriuwt Maulun as in sierlike spiler. "Technisch vaardig, een goed overzicht en prima pass. Hij heeft een zeer gedegen opleiding gehad bij Bordeaux en door omstandigheden daar zijn belofte niet in weten te lossen. Hij is enorm gretig om dat bij ons wel te doen."

(advertinsje)