Trije minsken oanholden fanwege drugs en fjoerwapen

17 jun 2018 - 16:10

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein trije minsken oanholden yn De Lemmer, om't se drugs en in fjoerwapen by har hienen. It gie om twa 21-jierrige Rotterdammers en 18-jierrige ynwenner fan De Lemmer.

Om 4 oere hinne kontrolearre de plysje in auto. De eigener, dy't efter it stjoer siet, waard noch socht. Dy waard dêrom oanholden. Om't er faker yn oanrekking mei justysje west hie, hat de plysje ek de twa ynsittenden en de auto kontrolearre.

Doe die bliken dat se in grutte hoemannichte himp en hasj by harren hienen. Boppedat lei der yn de wein noch harddrugs en hie ien fan de ynsittenden in ferbean fjoerwapen by him. De twa Rotterdammers fan 21 jier en de 18-jierrige Lemster binne dêrom allegear oanholden.

(advertinsje)