De takomst fan it Frysk: it giet om bewustwurding

17 jun 2018 - 15:24

Friezen moatte harren folle bewuster wêze fan it belang fan ús taal. As we net genôch út ússels it Frysk brûke, dan ferdwynt de taal op termyn. Dat is de ferwachting fan minsken dy't harren dwaande hâlde mei it Frysk fan no en yn de takomst. Rimmer Mulder, âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, wol dat der in brede maatskiplike diskusje komt oer hoe't we it Frysk ek yn de takomst behâlde kinne. Dat moat mei gewoane Friezen. Yn in diskusje fan it programma Buro de Vries kamen de dielnimmers ta de konklúzje dat it benammen dy gewoane Friezen binne dy't de taal rêde kinne.

Fan links nei rjochts: Jelle Bangma, Rimmer Mulder, Onno Falkena en Klaas Sietse Spoelstra - Foto: Omrop Fryslân

It ûnderwiis kin it Frysk net rêde.

Jelle Bangma fan it Cedin

Jelle Bangma fan it Cedin seit dat we der net op rekkenje moatte dat skoallen it Frysk rêde. "It ûnderwiis kin it Frysk net rêde. De Friezen séls moatte it Frysk rêde. En jonge âlden moatte har bewust wêze, dat as se sels Frysktalich binne, dat se dan har bern yn it Frysk grutbringe. Mar de winst is dat it Frysk no yn alle gefallen ferplichte is yn it ûnderwiis."

Mar dan is der ek nochris it probleem dat in soad juffen en masters it Frysk net mear goed behearskje. Dêr soe oan wurke wurde moatte. De klam leit no op meartalich ûnderwiis, dêr't Frysk, Nederlânsk en Ingelsk praat wurdt op skoallen. Alden soenen ek mear ynteresse hawwe moatte foar it Frysk. Op skoallen wurdt yn de 10-minutepetearkes wol hifke nei it Nederlânsk of wiskunde, mar noait nei it Frysk.

Ferliking mei oare lytse talen

Sjoernalist Onno Falkena sjocht dat it Frysk yn fergelyk mei lytse talen yn Europa noch in frij sterke posysje hat. Hy sjocht dat yn bygelyks Baskelân wol folle mear oan de status fan it Baskysk dien wurdt troch de oerheid. Hy pleitet foar mear sichtberheid fan it Frysk yn it iepenbiere libben. Je kinne dan tinke oan dûbeltalige ynformaasje op de treinstasjons yn Fryslân. En njonken 'Politie' kin yn Fryslân ek wol 'Plysje' op de plysje-auto's stean. Yn oare meartalige regio's fan Europa is soks hiel gewoan.

Rimmer Mulder sjocht dat syn inisjatyf foar de brede maatskiplike diskusje noch net echt fan de grûn komt. Dat leit der neffens him oan dat we de taal mar gewoan fine en dat der dit jier al safolle bart op kultureel mêd. Hy hopet dat der yn 2019 wol mear romte komt om oer it Frysk en de takomst te diskusjearjen.

Diskusje oer it Frysk yn it programma Buro de Vries

De status fan it Frysk moat omheech, dêr is elkenien it oer iens. Mar oer hoe't dat foarmekoar komme moat, ferskille de mieningen bytiden. Dêroer moat neitocht en praat wurde.

Klaas Sietse Spoelstra fan it orgaan foar de Fryske taal, DINGtiid, hopet dat troch syn organisaasje mei te stimulearjen. Sy binne adviseur fan minister Ollongren, mar hawwe noch net mei har praat. Dat sil ynkoarten wol barre. De wet jout alle mooglikheden, it giet derom dat dy wet goed brûkt wurdt.

Bewustwurding is ien fan de wichtichste saken, neffens de saakkundigen. Dêr moat benammen oan wurke wurde.

(advertinsje)