Pear oanmeldingen fan bern mei beheining: "Je moatte wer fan alles regelje"

17 jun 2018 - 13:18

"It is wer in hele organisaasje om dêrhinne te reizgjen" of "It hinget der fan ôf hoe goed hy dy dei is". Efkes mei de bern earne hinne, dat is foar in húshâlding mei ien of meardere bern mei in beheining net altyd samar klear.

Foto: OF

Op 8 july stiet de Ljouwerter binnenstêd yn it teken fan 'De achtste dag". Troch de stêd sil dy dei in enoarme kettingreaksje plakfine. In kettingreaksjes fan 48 skeakels foarme troch minsken, masinen, bouwurken en optredens.

Beheining

Ien fan dy skeakels is yn it provinsjehûs. Hjir is in bernefestival organisearre foar bern mei in ferstanlike en mearfâldige beheining. In groep dy't net faak yn dit soarte grutte eveneminten meinommen wurdt. It tal oanmeldingen rint lykwols noch net stoarm.

Baukje Ritsma fan Talant frege har ôf hoe't dat kin. Buro de Vries seach mei har op it simmerfeest fan bernedeisintrum Us Greide op It Hearrenfean om dat út te finen.

Reaksjes fan âlden oer wêrom't sy al of net har bern opjouwe foar '8ste dag'.

Dat der drompels binne is dúdlik, mar se wurde mei leafde naam om't âlden ek seker it belang sjogge fan dielname oan dizze aktiviteiten. Net allinne foar harren bern mar ek foar harsels fanwege de herkenning dy't se by-inoar fine.

'8ste dag' is ûnderdiel fan it haadprogramma fan LF2018, in fergees evenemint en tige geskikt foar bern. In projekt fan keunstner Marten Winters. Omrop Fryslân stjoert op 8 july fan 13.00 oere ôf dizze kettingreaksje fan fiif oeren troch de Ljouwerter binnenstêd, streekrjocht út.

(advertinsje)