Bernepsychiater op non-aktyf set nei beskuldiging fan sekstoerisme

De yn Nepal foar bernemisbrûk oppakte bernepsychiater út Makkingea is troch syn wurkjouwer Therapeuticum op De Jouwer op non-aktyf steld. De 66-jierrige bernepsychiater wie fiif jier lang op ZZP-basis oan Therapeuticum ferbûn.
© Therapeuticum De Jouwer
Therapeuticum is freed troch it Iepenbier Ministearje ynformearre oer de arrestaasje yn Nepal. Foar de meiwurkers fan it sintrum foar psychyske en psychososjale helpferliening kaam dy meidieling as in grutte skok, sa skriuwe se yn in ferklearring op de website fan it sintrum.

Fragen

Therapeuticum hat sneon mei gemeente, plysje en justysje oerlis hân oer de saak. Dit wykein binne alle kliïnten en oare belutsenen fia de mail oer de saak ynformearre. Kliïnten mei fragen kinne fan moandeitemoarn ôf belje mei Therapeuticum. Oare minsken mei fragen oer dizze saak kinne belje mei gemeente De Fryske Marren.
Justysje is dwaande mei in ûndersyk nei it hâlden en dragen fan de bernepsychiater yn Nederlân, mar hat oant no ta gjin oanwizings fûn om te tinken dat de man him ek yn Nederlân skuldich makke hat oan bernemisbrûk. Ek Therapeuticum hat dêr gjin oanwizings foar.

Nea allinnich

De direksje fan Therapeuticum lit witte dat de bernepsychiater by syn wurk op De Jouwer nea allinnich mei bern wurke hat. De man waard ynset as spesjalist en die syn wurk yn gearwurking mei in oare helpferliener. By psychiatryske sesjes wie yn prinsipe altyd in twadde helpferliener of in âlder fan it bern oanwêzich.