Fotograaf Catrinus van der Veen: fan sydline nei belutsenheid

Catrinus van der Veen fan Hjerbeam smyt it roer om. De fotograaf dy't priiswinnende foto's makke is no meiwurker by DEI. Dat is in dei-opfang foar minsken mei in ferstanlike beheining of in psychiatryske oandwaning. In grutte stap, mar foar Catrinus in hiel logyske. Al moast hy der wol oer neitinke. Fuort út it hektyske bestean fan nijsferhaal nei nijsferhaal, nei alle dagen op itselde plak yn relative rêst mei minsken wurkje. Altyd stie hy oan 'e sydline en registrearre wat der barde. It is noflik om no echt earne by te hearren.
Catrinus van der Veen
Catrinus van der Veen begûn syn karriêre as fotograaf by Klaas Jansma. Dêrnei gie hy nei de Ljouwerter Krante. Doe't dêr reorganisearre waard kaam hy by it ANP. Dat waard in hektysk bestean. Hy gie oeral hinne, mar krige syn nocht fan it geflean. Hy woe mear frijheid en mear yn Fryslân fotografearje. Dy frijheid joech it ANP him.
Myn foto's hellen alle kranten, sels de New York Times. Mar jûns siet ik yn myn hotelkeamer en tocht: "Wat doch ik hjir?"
Catrinus van der Veen

"Ik woe my mjitte mei de 'westerske' fotografen"

Van der Veen wûn trije kear de 'Fryske fotoparsepriis' en 14 kear in priis by de 'Zilveren Camera'. Yn 2016 mei syn rige oer de krisisopfang yn Ljouwert fan de grutte groep flechtlingen dy't yn Fryslân opfongen waard. De fotograaf wol de ellinde efter de minsken yn byld bringe. Hy is altyd op syk nei in gesicht, de eagen dêr't it gefoel út sprekt. De prizen fynt hy moai. It is in befêstiging dat je by de bettere kategory hearre. Hy woe him mjitte mei de fotografen út it Westen fan it lân. Ien priis winne is neffens Van der Veen moai, mar de kwaliteit fêsthâlde is folle wichtiger.
Catrinus vd Veen

In grutte stap mar in moaie switch

DEI is it wurkplak foar Van der Veen. Hy rôle der fia syn soan en syn frou yn. De soan fan Catrinus hat in Vintagesaak yn it Kultuerfabryk dêr't ek de dei-opfang sit. Sa kaam hy as frijwilliger binnen en no is hy professional en fjouwer dagen yn 'e wike wurksum by de opfang. In enoarme stap fynt hy sels ek, mar wol in hiel moaie switch.
Foar it earst heart hy wier earne by seit er. As fotosjoernalist steane jo altyd oan de sydline. Je registrearje, je fotografearje en meitsje in byld. As meiwurker fan de dei-opfang is hy foar it earst echt belutsen by in groep en dat fielt goed. Hy wol it bêste út de meiwurkers helje. Dêrnjonken bliuwt Van der Veen sa út en troch wol foto-opdrachten dwaan. Dat sit yn it bloed. Mar de hektyk fan de sjoernalistyk sil hy net misse. De dei-opfang is rêst foar him.
Catrinus mei de meiwurkers fan DEI © Omrop fryslân, Simone Scheffer

Op syk nei ark foar in DOKA

It fak fan fotograaf lit Van der Veen net hielendal los en ek by de DEI opfang sil hy dermei oan de slach. It doel is dat der in DOKA (Donkere Kamer, dêr't foto's ûntwikkele wurde) makke wurdt yn it gebou fan de opfang. Catrinus wol dan meiwurkers dy't dat aardich fine it fak leare. Neffens him sit der in hiel soad keunsttalint yn de minsken fan de opfang.
Foar de DOKA is noch materiaal nedich. Wa't kamera's oer hat of oar guod dat foar in DOKA brûkt wurde kin dy kin dat melde by de DEI opfang yn Alde Leie.
Catrinus mei de meiwurkers fan DEI © omrop fryslân, Simone Scheffer

Permaninte tentoanstelling te besjen

Yn de Dei-opfang is in permaninte tentoanstelling fan wurk fan Van der Veen. It binne benammen foto's fan it Waad dêr't de fotograaf graach is. Elkenien is wolkom om de tentoanstelling en it wurk fan de meiwurkers te besjen. DEI is fêstige yn it Kultuerfabryk oan de Leijester Hegedyk 27 by Alde Leie.
© Omrop Fryslan, Scheffer