UPDATE: Sonken IFKS-skûtsje by Hegemer Mar is burgen

17 jun 2018 - 08:49

It IFKS-skûtsje Hoop op Zegen, dat sneon omsloech by de Slach om Heech, is snein burgen. By deiljocht wie it ridlik goed te sjen, om't de mêst fier boppe it wetter útstuts. Ek wie it plak markearre mei read-wite linten. De plysje hie skipfeartferkear warskôge om rekken te hâlden mei it skûtsje.

By in ûngelok op it skûtsje de Jonge Jasper rekke sneon ek noch in persoan ferwûne. It slachtoffer wie nei it ûngelok noch oansprekber en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

De Slach om Heech is in trainingswedstriid foar skûtsjes dy't meidogge oan de IFKS. Yn totaal dogge der hast fyftich skûtsjes mei yn fjouwer ferskate klassen. De wedstriden wurde op de Hegemer Mar syld.

It skûtsje wurdt fan de boaiem sleept - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Skûtsje Hoop op Zegen - It Klavertje ûnder wetter - Foto: Toezicht te water
(advertinsje)