Harnzer band wint 'Lytse Priis'

17 jun 2018 - 01:32

De Harnzer band Lester Blackfield is sneon de winner wurden fan de 'Lytse Priis fan Fryslân', de poppriis fan Stichting Friesland Pop en de Fryske poppoadia. Yn de finale makke de dit jier oprjochte band mei in kombinaasje fan hiphop en dûnsbere rock de measte yndruk op de trijekoppige sjuery.

De grutske winners fan de Lytse Priis fan Fryslân 2018 - Foto: Omrop Fryslân

De priis bestiet út studiotiid en in searje optredens op nijsgjirrige poadia, wêrûnder de festivals Freeze en Eurosonic/Noorderslag.

Yn popsintrum Iduna spilen fiif muzikaal tige ferskillende finalisten in set fan tweintich minuten. De fiif finalisten wiene singer-songwriter Esther de Jong, hardrockband Torrential, de Psychotic Lumberjacks en Lowland Kid. Dizze lêste band lei beslach op de publykspriis.

Durk Visser en Arjen de Groot fan Lester Blackfield

(advertinsje)
(advertinsje)