Brassband Looft den Heer fan Bitgummole winner fan SurventoBrass

16 jun 2018 - 23:04

Looft den Heer fan Bitgummole, ûnder lieding fan Gijs Heusinkveld, is de winner wurden fan de B-groep by it SurventoBrass festival, dat sneon hâlden wurde yn Surhústerfean. De solistepriis fan de B-groep gie nei de bûgeliste fan Looft den Heer fan Bitgummole. De entertainmentpriis yn de B-groep wie foar Soli Deo Gloria fan Rinsumageast.

Surventobrass by Omrop Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

De sjuery, besteande út dirigint Alex Schillings, sjoernalist Ruurd Walinga en musikus Anne van der Sluis beoardielen net allinne muzikale aspekten, mar it showelemint is by SurventoBrass ek in wichtich ûnderdiel.

Njoggen brassbands

Der wienen njoggen brassbands dy't op it poadium yn de Flambou yn aksje kamen. Yn de A-groep wienen gjin Fryske dielnimmers. Yn dizze difyzje waard Brassband Amersfoort as winner útroppen.

SurventoBrass is in jierliks festival foar brassbands. It festival is bedoeld om de brassmuzyk oan te priizgjen by in breed publyk.

(advertinsje)
(advertinsje)