Nij protest Stichting Afvaloven Nee tsjin REC yn Harns

16 jun 2018 - 22:40

De Stichting Afvaloven Nee ropt ynwenners fan de gemeente Harns op om takom tongersdei te protestearjen tsjin de REC. Tongersdeitejûn wurde de resultaten fan it luchtkwaliteitsûndersyk bekend makke, mar de stichting hat dêr net folle fertrouwen yn.

De ôffaloven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

''Donderdag zullen we worden bedolven onder grafieken en cijfers waaruit zou blijken dat de luchtkwaliteit in en rond Harlingen goed is en dat er dus niets aan de hand is'', sa skriuwt de Stichting Afvaloven Nee. Dat wylst de problemen mei de ôffaloven neffens de stichting struktureel binne. Dy is benaud dat der opnij giftige reek útsjitten wurde sil.

De provinsje Fryslân en de gemeente Harns wolle de bewenners tongersdei ynformearje oer de útkomsten fan it luchtkwaliteitsûndersyk en it sâltsoerûndersyk. Dat bart tongersdei yn stedsskouboarch Trebol.

Trefwurden: 
Harns REC protest
(advertinsje)
(advertinsje)