Fierljeppen yn Winsum proai foar Nard Brandsma mei seizoensrekôr

Nard Brandsma fan Warkum hat sneontejûn de fierljepwedstriid yn Winsum op syn namme skreaun by de senioaren. Brandsma ljepte nei in ôfstan fan 20.43 meter en pakte dêrmei syn fjirde deiwinst fan dit seizoen.
Fierljeppen yn Winsum proai foar Nard Brandsma
De 20.43 meter fan Brandsma is oant no ta de fierste sprong yn de Fryske kompetysje. Yn it Hollânske Zegveld kaam regearjend Nederlânsk kampioen en nasjonaal rekôrhâlder Jaco de Groot (22.21 m) woansdei al ta 21.60 m, de twa nei bêste sprong yn de histoarje. Allinnich hysels en Bart Helmholt (21.64 m, Frysk rekôr) kamen ea fierder.

Top fjouwer

Klassemintslieder Thewis Hobma wûn oant no ta fjouwer kear, mar einige no yn 'e finale op it twadde plak troch yn syn lêste sprong 20.22 meter te notearjen. Hannes Scherjon fan Noardburgum einige op it tredde plak mei 19.80 meter. Opfallend wie de prestaasje fan topklasse-debutant Daan de Vries út Feanwâlden. Hy einige op in knap fjirde plak mei 18.43 m, in nije pr.
By de froulju wûn Antsje Draijer fan Nijhuzum. Sy ljepte 14.18 meter en kaam dêrmei krekt wat fierder as Akke Dijkstra fan Bûtenpost (13.98). Sigrid Bokma fan Hylpen waard tredde mei 13.66 meter. Rutger Piersma (18.71), Rutger Haanstra (16.40) en Fardau van Akker (13.97) wûnen by de junioaren, de jonges en de famkes.
Foar Rutger Haanstra is it de achtste titel op rige by de jonges.