Kuorballers Havic ferlieze finale om lânstitel

16 jun 2018 - 20:11

It B1 kuorbalteam fan Havic hat sneontemiddei ferrassend de finale om de lânstitel ferlern. Yn Bennekom wie tsjinstanner DVO folle sterker as de Friezen: einstân 17-9. Opmerklik, om't Havic de ôfrûne trije gjin kompetysjeduel ferlern hie. It jonge team fan De Harkema en Invicta út Kollum hie dizze kear lykwols gjin antwurd op it achterferdiegenjen en spulfertraagjen fan DVO, dat sa oertsjûgjend har earste NK titel pakt.

De thúsploech wie yn de earste helte folle better as Havic. By rêst stie DVO al mei 11-4 foar. Ek nei it skoft koene de Friezen net bybliuwe. De ploech út Bennekom pakte dêrom frij ienfâldich de Nederlânske titel.

Trainer Peter Holwerda fan Havic

Havic hie yn de ôfrûne trije jier net ien kear ferlern fan DVO. De nederlaach yn de finale wie dêrom foar de Friezen ekstra soer.

Trefwurden: 
finale kuorbal Havic
(advertinsje)
(advertinsje)