Iepen UP Vlog: Yn petear mei Fryske moslims

Fjirtjin jonge Fryske vloggers, mei allegear in hiel ferskillende achtergrûn, litte alle sneonen sjen wat sy harren ôffreegje. Alle wiken in nije vlog mei hieltyd in oar tema, mei in ûnderwerp dêr't sy har drok om meitsje. De vlogs binne ûnderdiel fan it LF2018-programma IepenUP.
Iepen UP Vlog: Friezen en Moslims
Vlogster Tjalina wol graach yn de kunde komme mei moslims, se binne faak yn it nijs, mar wa binne it no eins. Mar in petear mei ûnbekende moslims oanknoopje blykt dreger as earst tocht.
IepenUP vlogger Tjalina © Omrop Fryslân
Alle vloggers stelle harren foar op de webside fan IepenUP. IepenUP Vloggers is in projekt fan IepenUP en LF2018 en wurdt mei mooglik makke troch Omrop Fryslân en it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek.