Tuinenga, Wijnia en Broersma winne keatserij yn Ie
Keatsters Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia, Annelien Broersma hawwe sneontemiddei yn Ie de haadklassepartij by de froulju wûn. It partuer fan Andrea Kroes, Sigrid de Jong en Manon Scheepstra waard yn in spannende finale mei 5-4 en 6-2 ferslein.
De lytse preemje gie nei Nynke Sijbrandij, Lotte Delgrosso en Kim Dijkstra.